Fierljeppen Bart Helmholt hat yn Gryptsjerk de oerwinning pakt. Helmholt hie mar ien goeie sprong nedich fan 20,45 meter. Al syn oare sprong wiene yn it wetter of bûten de sektor. Thewis Hobma wie mei 20,14 meter twadde. Ysbrand Galama waard tredde.

By de froulju wie Sybrich Vlas de bêste. Age Hulder wûn by de junioaren. wylst Sytse Bokma de bêste wie yn de jonges-kategory.